Feroardiele bernelokker (50) opnij de fout yn mei ankelbân om

In 50-jierrige man dy't al faker feroardiele waard foar it lokjen en betaasten fan tsientallen jonge bern yn ûnder oare Ljouwert en Drachten, is mei in ankelbân om opnij de fout yngien.
© ANP
De man is tusken 2004 en 2014 fiif kear feroardiele, om't er yn it iepenbier syn geslachtsdiel sjen liet. Yn 2015 waard hy yn syn wenning yn Veendam opnij oppakt foar bernelokkerij. Hy naam yn de buert fan boarterstúntsjes yn ûnder mear Drachten, Ljouwert, Emmen en Hoogeveen bern de boskjes yn en befredige himsels.
Yn 2016 krige de man twa jier sel en tbs oplein. Ofrûne jannewaris waard er yn Assen oppakt, om't er in bern syn pimel sjen liet. Nei kontrôle fan de gegevens fan syn ankelbân kamen der mear ynsidinten oan it ljocht, yn Grins, Emmen en Zwolle.
It Iepenbier Ministearje wol no dat de man twangferpleging krijt. "Dit is maatschappelijk onverantwoord", sei de oankleier. De rjochtbank docht 26 maaie útspraak.