UPDATE: Brân yn reiden tek Oranjewâld ûnder kontrôle

12 maaie 2020 - 17:16

Yn Oranjewâld stiet it dak fan in hûs yn 'e brân. It giet om in reidtek. De bewenners fan it hûs oan de Marijkemuoiwei wiene al net mear yn it hûs, seit de brânwacht.

Foto: De Vries Media

De brânwacht wie mei twa weinen teplak om it fjoer te bestriden. De flammen wiene al gau út. Der wie noch wol wat reek en der siet noch hjitte yn it reid. Mei in heechwurker wurket de brânwacht dêr noch oan.

Trefwurden: 
brân Oranjewâld
(advertinsje)
(advertinsje)