Bern yn Ljouwert komme mei in glydbaan it bernedeiferbliuw yn

De bernedeiferbliuwen moatte dizze dagen kreatyf wêze: se moatte itselde tal bern opfange as foar de coronakrisis, mar moatte wol rekken hâlde mei alle regels dy't it RIVM opsteld hat. It freget in soad fan de ferbliuwen, benammen yn it kontakt mei de âlden en yn de deistige praktyk by it fersoargjen fan de bern.
Yn Ljouwert wurde de bern oerdroegen mei de glydbaan:
Bernedeiferbliuw
Sa moat it personiel fan de bernedeiferbliuwen op oardel meter ôfstân bliuwe fan de heiten en memmen. Dat makket de oerdracht fan de bern moarns by it bringen en letter by it opheljen lestich. Gewoanwei meie de âlden faak gewoan nei binnen, mar no mei dat net. Benammen foar bern fan ûnder de fjouwer is dat lestich. Se moatte faak efkes wenne en dat slagget somtiden it bêst as heit en mem noch even meigean.
No't dat net kin, ha bernedeiferbliuwen oare wizen betocht om dy oergong makliker te meitsjen. Sa komme de bern by bernedeiferbliuw Villa Vrolijk yn Ljouwert mei de glydbaan nei binnen. Heit of mem set it berntsje bûten op de glydbaan en it personiel fangt it berntsje oan de oare kant op.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
"Op die manier maken we het moeilijke moment toch nog een beetje leuk", seit Janet Visser fan Villa Vrolijk. Mar net allinnich dat momint is oars as oars. "Wij dragen ook op verschillende momenten handschoenen. Bijvoorbeeld bij het verschonen van de kinderen. Niet leuk, maar het moet gewoon op deze manier."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Hoewol't it der oars oan ta giet as oars wiene de bern fan Villa Vrolijk al reedlik rap wer wend, fertelt Gerdien Schreuder. "De bern binne sa bliid om hjir wer te boartsjen. Dat giet eins hiel goed." Ek it personiel sels is bliid dat se wer mei de bern oan de gong kinne. "Ik ha der net echt oer twivele oft ik wer oan it wurk soe. Al binne der fansels noch wol fraachtekens."

Safolle mooglik gewoane gong fan saken

De bernedeiferbliuwen hawwe algemiene regels meikrigen fan it RIVM, mar besykje wol safolle mooglik de gewoane gong fan saken oan te hâlden. Mar benammen it ôfstân hâlden ta de âlden hâlde se har hiel strikt oan. "It is beslist net wat wy wolle, mar it is gewoan even net oars. It moat efkes sa, mar we hoopje dat dat gau wer foarby is."