Ljouwerter mooglik slachtoffer fan koalmonoksidefergiftiging

12 maaie 2020 - 16:29

Ambulânsepersoniel hat yn Ljouwert in persoan út in hûs helle dy't nei alle gedachten slachtoffer wurden is fan koalmonoksidefergiftiging.

Foto: ProNews

Yn de flat oan De Gealanden wie in meldapparaat ôfgien. Dêr kamen de plysje, de brânwacht en de ambulânsetsjinst op ôf. Se krigen gjin gehoar en doe hat de brânwacht de doar iepenbrutsen. Dêrnei waard it slachtoffer fûn.

Hoe't it mei it slachtoffer is, is net dúdlik. De brânwacht docht mjittingen yn it hûs.

(advertinsje)
(advertinsje)