Fitnessbedriuw stapt nei de rjochter om iepen te kinnen

12 maaie 2020 - 16:01

Fitnessketen BigGym, mei ek in fêstiging yn Ljouwert, stapt nei de rjochter om in ein te meitsjen oan de twongen sluting fanwege it coronafirus.

Fitness - Foto: Shutterstock.com

It bedriuw fynt de maatregels foar sportskoallen fierstente bot en easket dat se opheft wurde. De fitnessketen seit dat dy in feilich protokol hat en wiist ek nei it bûtenlân. Yn lannen as Eastenryk, Switserlân en yn guon dielsteaten fan Dútslân binne sportskoallen fan 'e wike wer iepen gien.

It bedriuw seit dat it in fûst meitsje wol en opkomme wol foar de belangen fan de fitnessbrânsj. It koart pleit dat Big Gym oanspand hat tsjin de Steat tsjinnet nije wike woansdei.

(advertinsje)
(advertinsje)