Ek yn Fryslân heger stjertesifer, mar noch leger as grypweach fan 2018

It coronafirus soarget ek yn Fryslân foar mear stjergefallen as gemiddeld, docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek oer de lêste fjouwer jier. Mar út dy sifers docht ek bliken dat de grypweach fan twa jier lyn yn Fryslân foar mear slachtoffers soarge as it coronafirus, oant no ta.
© ANP
Oant no ta springt de wike fan 6 april derút mei it oantal stjergefallen, dat komt hast wis troch it coronafirus. Mar yn maart 2018 lei it stjertesifer wikenlang dochs heger as no. En dat lei oan de gryp fan doe.
Oan de sifers fan de lêste pear wiken is te sjen dat it coronafirus minder om him hinne slacht, want dy lizze op sawat itselde nivo as ferline jier om dizze tiid. It CBS hâldt by de lêste sifers noch wol in slach om de earm omdat noch net alle stjergefallen al trochjûn binne.