Roozemond: "Financiële situatie SC Heerenveen minder nijpend dan bij Groningen"

12 maaie 2020 - 17:36

Sportklup Hearrenfean jout seizoenskaarthâlders yn earste ynstânsje gjin finansjele kompensaasje foar it misrinnen fan de lêste trije thúswedstriden. Dy wedstriden gongen troch it coronafirus net troch. Seizoenskaarthâlders dy't kompensearre wurde wolle, kinne in voucher krije: in ekstra kaartsje foar in wedstriid takom seizoen.

Hearrenfean hie noch thúswedstriden spylje sillen tsjin RKC, Emmen en PSV. Dat giet net troch. En foar takom seizoen is it noch mar de fraach hoe't it komt: wannear is de earste wedstriid en wannear kin der wer publyk by de wedstriden wêze? Dochs kinne supporters no al in seizoenskaart ferlingje of oanfreegje foar takom seizoen. "Dat is de loyaliteit waar we het altijd over hebben", seit foarsitter Cees Roozemond.

Namme op 'wall of fame'

Minsken dy't foar takom seizoen in seizoenskaart nimme, krije in voucherboekje en se kinne har namme op de wall of fame krije, as se dat wolle. "Dan worden ze gekenmerkt als supporter die de club steunde in een moeilijke tijd. We laten zien dat we de fans hard nodig hebben."

Foto: Omrop Fryslân

As minsken net sa'n voucher ha wolle foar takom seizoen en dochs kompensearre wurde wolle, dan sil Hearrenfean sjen nei in oare temjittekomming. "Maar normaal gesproken krijgen ze een voucher voor een wedstrijd, wanneer er weer kan worden gevoetbald."

Dochs sil de ekonomyske krisis ek buy guon supporters te fielen wêze, dy't dan in seizoenskaart minder goed betelje kinne. "We kunnen niemand verplichten om een seizoenskaart te kopen. We rekenen op loyaliteit, maar ik kan me voorstellen dat het mensen nu ook minder goed uitkomt. Dat heeft natuurlijk wel financiële consequenties voor de club, juist nu we het ook moeilijk hebben."

Net sa slim as by Grins

Sa dreech as by FC Groningen is it lykwols noch net, seit Roozemond. Grins jout alve meiwurkers dien om de coronakrisis te oerlibjen. Neffens Roozemond gebeurt dat by Hearrenfean earst noch net. "Je kunt helaas niets uitsluiten, maar onze situatie is wel minder nijpend dan hoe dat klaarblijkelijk bij FC Groningen is."

(advertinsje)
(advertinsje)