Ferwûne stekynsidint yn Drachten is 19-jierrige man út Den Haag

12 maaie 2020 - 14:26

De man dy't moandei ferwûne rekke by in stekynsidint yn Drachten, is in man fan 19 jier út Den Haag. De plysje wit noch net wat him krekt ôfspile hat yn Drachten. Der is ek noch gjinien oanholden.

Foto: De Vries Media

De man út Den Haag waard fûn op de Klokhuislaan. Oft it stekynsidint ek dêr plakfûn hat, wit de plysje net. De man is mei ûnbekende ferwûningen oerbrocht nei it sikehûs.

De plysje freget no minsken oft se wat sjoen ha yn de Klokhuislaan of yn de omjouwing dêrfan.

Trefwurden: 
plysje Drachten stekynsidint
(advertinsje)
(advertinsje)