Plysje makket dronken Frjentsjerter wekker op talúd lâns it wetter

12 maaie 2020 - 13:59

De plysje hat yn Ljouwert in dronken Frjentsjerter (50) fan in talúd lâns de Harnzertrekwei helle. De man lei dêr te sliepen en foel hast yn it wetter, neffens de plysje. Se ha him wekker makke.

De Harnzertrekwei yn Ljouwert - Foto: Google Street View

De dronken man woe net meiwurkje en wie fan doel om fuort te fytsen. Doe't in agint him tsjinhâlde woe, spuide er. Dêrom ha se in flybmasker op syn holle dien. De Frjentsjerter sit noch fêst.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert dronken man
(advertinsje)
(advertinsje)