Undersyk nei ynsidint mei fleantúch op It Amelân

De Onderzoeksraad voor Veiligheid docht ûndersyk nei in ynsidint op It Amelân. Dêr soe op 3 maaie in fleantúch yn de problemen kaam wêze.
argyffoto © ANP
It giet om in lyts fleantúchje, type Mooney M20. By de lâning fan it fleantúch klapte it noastsjil yn, wêrnei't it tastel op de noas ta stilstân kaam. It tastel rekke dêrby skansearre. De twa minsken oan board fan it fleantúch rekken net ferwûne.
It is net dúdlik wannear't de resultaten fan it ûndersyk bekend wurde.