Spesjale besite fan Epke oan Drachtster sikehûs Nij Smellinghe

Ferplegers fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten waarden tiisdeitemoarn ferrast troch in besite fan turner Epke Zonderland. De olympysk kampioen wie by it sikehûs om it personiel yn it sintsje te setten yn it ramt fan ynternasjonale Dei fan de Ferpleging. Earder waarden ek de ferplegers fan Liante traktearre.
© Omrop Fryslân
De kado-aksje is in inisjatyf fan fersekerder De Friesland. Dy hiene oare jierren ek omtinken foar dizze spesjale dei, mar dat gie doe noch mei nominaasjes. Dat hoegde no net, want alle 25.000 ferpleechkundigen krije yn dit bysûndere jier in attinsje.
De ferpleechkundigen wurkje rûnom yn de provinsje by 150 Fryske soarchynstellings.

Kaarteset

Epke Zonderland is al inkele jierren ambassadeur fan de fersekerder, fandêr dat hy de pakketsjes útdiele mocht. It giet om in spesjale set kaarten. Direkteur Steven Hofenk leit út dat de kaarten yn in tiid fan fysike ôfstân helpe kinne, om tichterby inoar te kommen. "Het krijgen of versturen van een kaartje is een klein maar mooi gebaar."
Harkje nei in petear mei Epke