Besite oan Talma Hûs kin hast los, sûnder pleksyglês: "Dat is sá belangryk"
It Talma Hûs yn Feanwâlden makket him klear foar de earste besite dy't dêr wolkom is. Acht wiken lang wiene alle ferpleechhûzen yn Nederlân ticht fanwegen it coronafirus. It Talma Hûs is no it earste ferpleechhûs yn Fryslân dat foarsichtich iepen mei, as ûnderdiel fan in proef. De belangstelling is grut.
It Talma Hûs makket him klear:
Minsken dy't op besite komme wolle, moatte yn it foar in ôfspraak meitsje. Dat is ien fan de betingsten om wer nei heit, mem of partner te meien. "Sûnt it bekend waard dat wy wer iepen meie, ha al mear as 45 minsken har oanmeld foar de besite", seit regiomanager Thea Dijkstra. "De kommende dagen sitte al hielendal fol."
By it Talma Hûs ha se twa romten klearmakke, wêrfan't yn earste ynstânsje ien brûkt wurdt. As de proef goed ferrint, giet de twadde ek iepen. "We besykje dy romten sa noflik mooglik te meitsjen. We steane foar 'persoonsgerichte zorg', mar dêr komt dat hiele corona no dwers trochhinne fytsen."
No't der wer in bytsje besite wolkom is - ien fêste gast foar elke bewenner - wurdt de situaasje wer in bytsje normaler. Der komt bygelyks gjin pleksyglês yn de besikersromte. "Gelokkich net. Dat is ek it doel hjirfan. Dat je elkoar wer oansjen kinne, dat je elkoar wer rûke kinne. Elkoar yn de earms slaan mei noch krekt net, mar dat der gjin pleksyglês komt is sá belangryk."
Minsken moatte wol mûlkapkes op dwaan. "Dan sjocht it der wol oars út as normaal, dus de praktyk moat útwize hoe't dêrop reagearre wurdt. Mar we binne yn alle gefallen bliid dat it sa kin."
Woansdei om 10:00 oere stiet de earste besiker foar de doar.