Keramykmuseum siket guod fan souder foar keunstwurk

12 maaie 2020 - 12:05

Smyt âld guod fan souder net fuort, mar jou se oan ús. Dat seit it Ljouwerter keramykmuseum Princessehof. Foar in keunstwurk yn in tentoanstelling oer hjoeddeistige keunst siket it museum foarwerpen dy't te krijen ha mei reizgjen, de see en de skipfeart.

Foto: Omrop Fryslân

Fan al it guod dat ynsammele wurdt, meitsje de Argentynske keunstneres Liliana Porter en kurator Tanya Rumpff in seleksje. Dat wurdt brûkt yn in keunstwurk Porter. Se brûkt twaddehânsk foarwerpen en diggels fan keramyk. Dat keunstwurk makket diel út fan in eksposysje dy't op 5 septimber iepenet yn it Princessehof.

Fergees nei binnen

De minsken dy't guod ynstjoere dat úteinlik ek brûkt wurdt yn it keunstwurk, krije fjouwer tagongskaartsjes foar it museum. Minsken kinne earst foto's nei it museum maile, mei de ôfmjittingen fan it foarwerp derby. It ynstjoeren fan foto's kin oant en mei 1 july.

It ynstjoerde guod kin allinnich guod wêze dat oars fuortsmiten wurde soe, want de minsken krije it nei de tentoanstelling net werom.

(advertinsje)
(advertinsje)