Besmette Snitser asylsikers oerpleatst nei Zoutkamp

12 maaie 2020 - 11:23

De bewenners fan it asylsikerssintrum yn Snits, dy't besmet binne mei it coronafirus, wurde sa gau as mooglik oerpleatst nei Zoutkamp. Se moatte dêr sa'n fjirtjin dagen yn karantêne. Dat hat it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers (COA) besletten.

De Snitser asylsikers komme yn de Willem Lodewijk van Nassaukazerne, dy't no as needopfanglokaasje tsjinnet. De 90 minsken dy't no noch yn de opfang yn Zoutkamp sitte, wurde tiisdei oerbrocht nei COA-lokaasjes yn Ter Apel en Budel.

60 minsken oerpleatst

De lokaasje wurdt dêrnei klearmakke foar de sike minsken út Snits, en harren famylje en húsgenoaten. It giet yn totaal om 60 minsken, meast húshâldings, dy't harren eigen wenromte net út meie. It iten en drinken en de medyske saken wurde foar harren regele.

Neffens Jacqueline Engbers fan it COA is it better foar de minsken dat se nei Zoutkamp gean. "De omstandigheden in Zoutkamp zijn meer geschikt voor deze doelgroep dan in het azc in Sneek."

De kazerne yn Zoutkamp - Foto: Ingmar Vos / ProNews

De karantêne duorret maksimaal twa wiken (oant 25 maaie), ôfhinklik fan it ferrin fan de sykte. Neffens Engbers binne de minsken har goed bewust fan de earnst fan de sitewaasje: "De meeste mensen beseffen heel goed waarvoor ze het doen, en nemen hun verantwoordelijkheid."

As de minsken opknapt binne, kinne se werom nei Snits. Oant no ta hawwe de besmette minsken mylde klachten.

28 besmette azc-bewenners

Freed waard bekend dat 22 bewenners fan it azc yn Snits it coronafirus ha. Dêr kamen moandei nochris seis by.

Trefwurden: 
Snits AZC Zoutkamp coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)