Ynbraak by fuotbalklup Harkema-Opeinde

12 maaie 2020 - 11:05

Fuotbalklup Harkema-Opeinde is de lêste wiken twa kear slachtoffer wurden fan ynbraak. Dat seit foarsitter Albert Schievink.

Sportpark De Bosk op 'e Harkema: links Harkema-Opeinde, rjochts Harkemase Boys - Foto: Google Street View

De opslachromte fan de klup op sportpark De Bosk is iepenbrutsen. Dêr lei ark wêrmei't de klup de akkommodaasje ûnderhâldt. Dat ark is stellen.

Der binne bylden makke, dy't yntusken yn besit binne fan de plysje. De klup hopet dat de dieder of dieders dêrmei fûn wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)