Jachthavens op de Waadeilannen geane freed wer iepen

Boatsjeminsken kinne fan freed ôf wer te plak yn de jachthavens fan de Waadeillannen. De havens ûntfange dan wer gasten, mar krekt as op de campings binne de toiletgebouwen ticht en ek binne der folle minder plakken as gewoan beskikber.
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
It beslút om de havens wer te iepenjen, wurdt mei blydskip ûntfongen op de eilannen, sa seit Jook Nauta fan Texel, wurdfierder foar alle waadhavens. "Alleen de wat kleinere schepen zullen misschien wat langer thuisblijven."
Der binne minder plakken beskikber, fanwege de oardelmeterekonomy. "Wij moeten ervoor zorgen dat de gasten die komen, ook hun afstand kunnen houden." De oantallen dy't yn de havens lizze kinne, ferskille noch wol tusken de ferskate havens. Sa binne de havens fan Skiemûntseach en It Amelân bygelyks in stik lytser as de oaren.
De minsken dy't de Waadeilannen mei de boat besykje wolle, moatte harren in dei yn it foar melde, sadat de havens in goed idee hawwe fan hoefolle boaten en minsken der binne.