Soarchpersoniel fan Liante krijt kadootsje foar syn ynset

12 maaie 2020 - 08:00

Al it soarchpersoniel fan soarchgroep Liante, dat sân festigings hat yn Súdeast-Fryslân, krijt tiisdei in kadootsje fanwegen de ekstra ynset yn dizze coronatiden. De ynternasjonale Dag van de Verpleging fan tiisdei is dêr in moaie oanlieding ta.

Foto: ZuidOostZorg

De dei fan de ferpleging wurdt fierd op de bertedei fan Florence Nightingale. Sy wurdt sjoen as de grûnlizzer foar de ferpleechkunde. "Het is een dag om onze zorgmedewerkers in het licht te zetten, en hun de aandacht te geven die ze verdienen", sa seit Saskia de Jong fan soarchsintrum Sinnehiem yn Haulerwyk.

De organisaasje docht eins alle jierren mei oan dizze spesjale dei, mar dit jier is der neffens De Jong in ekstra motivaasje om mei te dwaan. Benammen de grutskens op it wurk wurdt dit jier sterker field.

Coronadrokte

De 700 meiwurkers fan Liante hawwe allegearre wol op de ien of oare wize te krijen mei de coronakrisis. "Zoals het niet kunnen ontvangen van bezoek, wat voor de medewerkers heel moeilijk is om te zien", fertelt De Jong. Der wurde yntusken allerhande saken organisearre, om de bewenners dochs goed te fermeitsjen.

Wat it kadootsje krekt is, bliuwt noch eefkes in ferrassing.

Harkje nei it petear Saskia de Jong

(advertinsje)
(advertinsje)