Brânwachtkommandant: "ATF-brân 20 jier lyn foel yn it neat by fjoerwurkramp"

12 maaie 2020 - 07:20

De brân by gemysk ôffalferwurker ATF yn Drachten is tiisdei eksakt 20 jier lyn. Mar dy foel yn it neat by de fjoerwurkramp yn Enschede in dei letter. Dat seit brânwachtkommandant fan doe, Gerjan Hondorp.

Hondorp wie as brânwachtkommandant ferantwurdlik foar de bestriding fan de gemyske brân. Hjirby gie 480 ton oan gemysk ôffal de loft yn. De reek dêrfan kaam oer in grut part fan Fryslân, yn de rjochting fan Grou, te lizzen.

Ut ûndersyk die letter bliken dat der in soad mis wie yn it gebou, ûnder oare by de ferwurking en opslach. Ien fan de saken dy't wol goed wurke wie de skomblusynstallaasje, mar dat koe net foarkomme dat der in grutte útslaande brân ûntstean koe.

Foto: Omrop Fryslân

Gjin slachtoffers

De brân soarge net allinnich foar in soad skea by it bedriuw sels, mar ek by de omjouwing. Sa hiene boeren yn de omkriten in soad lêst fan de brân. En ek plysje- en brânwachtlju dy't yn de reek stien hiene, krigen dêr lêst fan.

Hondorp krige de oare deis berjocht oer de fjoerwurkramp yn Enschede en hearde dat der minsken ferwûne rekken en by omkaam wienen. Dat kaam wol binnen by de kommandant, foaral nei wat se krekt sels meimakke hiene: "Dan is dat wel een hele rare gewaarwording."

Harkje nei in petear mei de brânwachtkommandant

Trefwurden: 
Drachten brân ATF gemysk
(advertinsje)
(advertinsje)