Aldste ynwenster (103) fan Harns stjert fan iensumens, skoansoan fertelt

Se hiene it har allegearre sa gund dat se yn har eigen hûske, dêr't se al 75 jier wenne, ferstjerre soe. Mar nei't se in pear kear fallen wie, koe it dochs echt net oars en moast IJmkje Esveld-Visser wol ferhûzje nei in ferpleechhûs. Se wie mei har 103 de âldste ynwenster fan Harns. Op 19 april is se ferstoarn. Neffens har famylje fan iensumens.
TV Repo Iensumens
Op 10 maart giet frou Esveld-Visser nei binnen. Berêste, net wittende dat op 12 maart it ferpleechhûs op slot gean soe en de famylje har net mear yn it echt moetsje kin. Op fêste dagen stiet Frans Postmus mei syn frou te wiuwen nei (skoan-)mem. Postmus tinkt net dat se it sjocht fan de earste ferdjipping ôf, mei har 103 jier.

"It licht was út die ogen weg"

Postmus wol it ferhaal fertelle. Hy hat it der dreech mei. It fielt as hat er net genôch syn bêst dien en dat fret oan him. Syn grutte eagen sjogge in oare kant út. Hy begjint te fertellen oer it momint dat se foar it earst oan it fideobeljen wiene. Frou Esveld-Visser tocht dat it in foto wie en begrypte der net in soad fan. Postmus skrikt fan wat er sjocht. "Se had altyd veul licht in har ogen, it licht was út die ogen weg."
Fuort nei it fideobeljen giet er it petear oan. It is dan freedtejûn. Op moandeitejûn kin er mei de dokter om tafel. Mar beide petearen feroarje neat oan de situaasje; frou Esveld-Visser mei gjin besite ûntfange. Dat binne de protokollen. Soan Frans: "Har enige medisyn sit hier naast my, dat is har dochter, har seun, har beppesizzers."

Net mear ite

Yn it dossier hat Postmus dan ek al sjoen dat skoanmem net mear yt en har medisinen net mear nimt. Hy warskôget dat as se net delkomme meie skoanmem binnen tsien dagen wei is. Hy wit as gjin oar hoe't skoanmem altyd genietsje koe as der minsken del west hiene doe't se noch selsstannich wenne. Dan belle se jûns om te fertellen fan wa't se besite hân hie. En dat se noch lekkere oaljekoeken hân hiene. Se libbe dêrfoar. Besite. Kontakt. Minsken.
aldste ynwenster fan harns stjert fan iensumens, skoansoan ferteltONLINELANGERE FEHAAL
Trije dagen letter, it is dan tongersdei, meie se komme. It is dan sa min mei frou Esveld-Visser dat der in oar protokol yn wurking steld wurdt; yn de lêste faze mei der wol besite komme. Postmus brekt as er fertelt hoe't it giet as se de keamer yn stappe. Hy wol net fertelle wat er dan sjocht.
Op sneintemiddei ferstjert IJmkje Esveld-Visser. Der hat famylje by west, mar Postmus wit net oft skoanmem der noch wat fan meikrigen hat. Hy hopet it mar.

Unminsklike protokollen

Hy skrikt suver fan syn eigen emoasjes no't er it allegearre fertelt. Mar hy ferwyt it himsels sa, dêr sit er mei. Dat hy net noch mear trochpakt hat om dochs foar elkoar te krijen dat se nei binnen kind hiene.
Hy wol ek gjinien de skuld jaan. Dêrom wol er ek net sizze om hokker ferpleechhûs oft it giet. Want se hawwe hiel goed foar skoanmem soarge. It giet derom wannear't protokollen ûnminsklik wurde.
Hy wol dit ferhaal kwyt. Want sa binne der noch hûnderten. "Allegear like tryst." Hy sjocht foar him út. "Foppe de Haan sei dan: 'it is wat it is'. En dat is ek sa. Mar it raast oan 'e protters. En dat wie it. Klear."