Meardere autobrannen yn Harns

Yn Harns binne yn de nacht fan moandei op tiisdei trije auto's folslein útbaarnd.
© CAMJO Media
Op de Leeuwerik yn de stêd brânden twa auto's, op in pear hûndert meter fan inoar, út. Letter yn 'e nacht wie der ek in autobrân op de Groen van Prinstererstraat. De plysje giet by alle trije brannen út fan brânstichting, der wurdt in ûndersyk ynsteld.
Yn in jiske-amer oan de Leeuwerik is in fuortsmiten jas oantroffen troch de plysje. Dizze is meinaam foar fierder ûndersyk, oft dizze wat mei de fertochten fan de brannen te krijen hat koe de plysje noch net sizze.