Liveblog | 12 maaie 2020

Coronanijs 12 maaie: Mear pasjinten sûnder corona as mei corona op intensive care

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs om it coronafirus hinne.
Lêst bywurke: 2 novimber 2020, 16:26
tiisdei 12 maaie 2020
22:00

Ein fan dit liveblog

Wy binne oan de ein kaam fan dit liveblog fan tiisdei 12 maaie oer it coronafirus. Dit wie it wichtichste nijs:
Elkenien tank foar it folgjen! Woansdeitemoarn binne we der wer mei in nij liveblog.
21:37

Bern mei glydbaan bernedeiferbliuw yn

De bernedeiferbliuwen moatte dizze dagen kreatyf wêze: se moatte itselde tal bern opfange as foar de coronakrisis, mar moatte wol rekken hâlde mei alle regels dy't it RIVM opsteld hat. It freget in soad fan de ferbliuwen, benammen yn it kontakt mei de âlders en yn de deistige praktyk by it fersoargjen fan de bern.
Bernedeiferbliuw
21:04

Fideodeiboek ferpleechkundigen Aly en Anouk

Ferpleechkundigen Aly de Vries en Anouk Bouius fan it MCL sjogge no't it rêstiger wurdt yn it sikehûs werom op de coronatiid. It hat in soad yndruk op harren makke. Foaral dat it minsklike part fan it ferplegen, wat se gewoanwei wend binne, fuortfoel. Mear vlogs fan Aly, Anouk en de oare vloggers fan de rige 'Berjochten út it hert' sjen? Dat kin fia dizze dossierside.
Aly en Anouk
19:00

Hoareka bliid mei nije rjochtlinen

De Koninklijke Horeca Nederland hat de konkrete rjochtlinen foar in besite oan hoareka bekend makke. Sa sitst aanst mei maksimaal fjouwer minsken oan in taffeltsje. As dyn húshâlding út mear minsken bestiet, mei dat ek. Fierder is it ferplichte om te reservearjen, dat kin ek oan de doar, en wurde der foarôf fragen steld oer dyn sûnens. It personiel nimt de bestelling op oan tafel en betsjinnet dy ek wer. Nei de besite wurdt alles wer skjinmakke.
De maatregels jilde fan 1 juny ôf foar alle hoarekasaken. Corné van de Erve, foarsitter fan de Koninklijke Horeca yn Fryslân is bliid mei it nije protokol.
Corné van de Erve, foarsitter fan de Koninklijke Horeca yn Fryslân
17:33

Besite oan Talma Hûs kin hast los

It Talma Hûs yn Feanwâlden makket him klear foar de earste besite dy't dêr wolkom is. Acht wiken lang wiene alle ferpleechhûzen yn Nederlân ticht fanwegen it coronafirus. It Talma Hûs is no it earste ferpleechhûs yn Fryslân dat foarsichtich iepen mei, as ûnderdiel fan in proef. De belangstelling is grut. Minsken dy't op besite komme wolle, moatte yn it foar in ôfspraak meitsje. Dat is ien fan de betingsten om wer nei heit, mem of partner te meien.
Talma Hus makket him klear
16:36

Slob en Keamer net iens oer eksamen spesjaal ûnderwiis

De Tweede Kamer en minister Slob fan Underwiis kinne it net iens wurde oer it eineksamen yn it fuortset spesjaal ûnderwiis. Dat is de oplieding foar bern mei in lichaamlike of psychyske beheining op in middelbere skoalle.
Slob wol dat dy learlingen eineksamen dogge, yn de foarm fan in mûnling eksamen. In grutte mearderheid fan de Keamer wol dat net. Moarn komt der in spoeddebat oer it ûnderwerp.