Hoe ferrûn de earste skoaldei yn Fryslân?

11 maaie 2020 - 22:11

De basisskoallen mochten moandei foar it earst yn lange tiid wer iepen. Dy wiene ticht fanwegen it coronafirus, mar no't mei de helte fan de learlingen nei de skoallen. Moandei de iene helte, tiisdei de oare helte, ensfh.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Albert Helder, direkteur fan skoalkoepel Proloog, gie by tsien skoallen del en seach dat it dêr rêstich wie: "De skoallen ha de ôfrûne wiken in soad tiid stutsen om derfoar te soargjen dat se it protokol folgje koene. Fan 'e moarn seach ik in soad blide gesichten. En dat mar de helte fan de bern der wie, dat soarget wol wat foar ûnwennich personiel. In hiel bysûnder gefoel."

De skoallen, en de skoalbern, ha it acht wiken dien mei digitaal ûnderwiis. "It is no wer op syk nei struktuer. Mar sels de lytsere bern sjogge dat dit wol oars is as oars nei in fakânsje of sa. Se witte wat der fan har ferwachte wurdt. En as bern ien kear wer yn it lokaal binne mei harren juf of master, is dat ek al gau wer normaal."

Kohorten út Asterix en Obelix

Helder sjocht ek dat in lyts groepke âlden de bern noch wol thús hâlden hat. "Mei dy âlden ha wy kontakt opnaam, en ik ferwachtsje dat dy groep kommende tiid lytser wurdt. Der sille altyd guon minsken wêze dy't it net fertrouwe, mar dy minsken ha dy romte ek krigen fan de minister om harren bern thús te hâlden."

Tiisdei komt de oare helte fan de klassen op skoalle. "Wy neame dat kohort A en kohort B. Dat wurd koe ik allinnich út Asterix en Obelix, mar no ha wy op skoallen ek kohorten."

Albert Helder fan skoalkoepel Proloog

(advertinsje)
(advertinsje)