Ek Flaeijelfeest yn Nijhoarne giet dit jier net troch coronafirus

11 maaie 2020 - 22:09

Troch de coronakrisis kin it Flaeijelfeest dit jier net trochgean. Dat lit de organisaasje moandeitejûn witte. It evenemint is ferpleatst nei 2021.

Foto: flaeijel.frl

Sa'n 450 frijwilligers binne it ôfrûne heal jier dwaande west mei tariedingen foar it Flaeijelfeest yn Ald- en Nijhoarne. By it feest feroaret in grut stik greide dêr yn de tiid fan earder. Dat soe dit jier foar it earst barre op in nije lokaasje yn Nijhoarne.

Elk jier komme der ûngefear 25.000 minsken nei it Flaeijelfeest ta. Neffens it kabinet is net dúdlik wannear't dizze eveneminten wer troch gean kinne, mar de kâns is grut dat der dan earst in faksin komme moat tsjin it coronafirus.

Foarearst hat it bestjoer it kommende Flaeijelfeest yn de aginda stean foar 25 septimber 2021.

Yn 2019 makke HEA! de folgjende reportaazje fan it Flaeijelfeest:

(advertinsje)
(advertinsje)