Bysûndere en kostbere Fryske klok stellen út Oeriselsk kastiel

11 maaie 2020 - 21:28

By in ynbraak yn kastiel Twickel yn it Oeriselske Delden is ôfrûne nacht in bysûndere en tige kostbere Fryske klok stellen. Dat meldt de plysje en skriuwt RTV Oost. Hoefolle de klok krekt wurdich is, is net dúdlik.

Foto: Kasteel Twickel

Ut ûndersyk docht bliken dat de dieders it kastiel binnenkaam binne troch oan de achterkant fan it pân in lûk te forsearjen. It giet neffens de plysje om maksimaal trije dieders.

Hoewol't de ynbrekkers it alarmsysteem fan it kastiel aktivearren, wiene de ynkringers de plysje te rap ôf. Se binne flechte mei in wein dy't fierderop parkearre stie. Ek yn de omjouwing fan it lângoed waard gjinien oantroffen. Kastiel Twickel is der bot troch oandien: "De klok moet terug!", skriuwe se op Twitter.

Klok

De meinommen klok is kostber, unyk en goed dokumintearre. It heart al iuwen by it kastiel. It giet om in Hollânske tafelklok, yn 1790 makke troch de Fryske klokmakker Johannes Andriesse fan Grou. Hy is de âldst bekende klokmakker, skriuwt Dorpsarchief Grou. Fan him is bekend dat hy de earste klokmakker yn Fryslân wie dy't neist stuoltsjes- en tafelklokken, de sturtklok yn 'e hannel brocht.

Syn soan en bernsbern wiene ek klokmakkers. "Zij hebben heel veel uurwerken gemaakt, die werden verkocht aan collega-klokkenmakers in het westen van het land. Die zetten vervolgens hun naam erop en verkochten de klokken als hun eigen werk. Ze waren al heel vroeg met de export bezig", fertelt restaurateur Robert Schilten. Hy hat sels noch oan de klok fan Andriesse wurke.

Beskildering

"Het is een heel unieke klok, omdat hij zo groot is. De hele wijzerplaat is beschilderd en het type beschildering dat erop staat, komt alleen voor op staande klokken. De schildering is erop gesigneerd door Schultz in 1790. Dat is ook al bijzonder, want geschilderde wijzerplaten zijn eigenlijk nooit gesigneerd."

Schilten tinkt dat de klok yn de jierren dêrnei útwreide is. "Hij is groter gemaakt en van hele mooie ornamenten voorzien. Men heeft er een hele mooie klok van gemaakt." Wêrom't de klok stellen is, begrypt Schilten net. It giet om in unike klok en dy sil net maklik te ferkeapjen wêze yn de antykwrâld. "Ik kan me niet voorstellen hoe je zo'n klok moet slijten."

Restaurateur Robert Schilten oer de klok

(advertinsje)
(advertinsje)