Lilke eks-freondinne jout Drachtster himpkweker oan

11 maaie 2020 - 20:46

In man fan Drachten (28) stie moandei tsjinoer de rjochter yn de Ljouwerter rjochtbank fanwegen himpteelt, nei't syn eks-freondinne him dêrfoar oanjûn hie. Nei it stikkenrinnen fan harren relaasje hie de frou de plysje belle en trochjûn dat de man 'plantsjes' stean hie.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Dêrmei bedoelde se wytplanten. Doe't de plysje op 5 jannewaris poalshichte nimmen kaam yn de wente oan de Mariëngaard yn Drachten, troffen se dêr 99 planten oan op de souder. Neffens de fertochte woe syn eks-freondinne wraak nimme om't er frjemdgien wie.

De man rûn op dat stuit yn in proeftiid: yn july foarich jier wie hy feroardiele foar riden ûnder ynfloed. Der hong him in selstraf fan in moanne ûnder betingst boppe de holle. Om't in finzenisstraf de helpferliening dy't de man op dit stuit krijt, dwersbongelje soe, frege de offisier fan justysje de rjochter om de proeftiid mei in jier te ferlingjen.

De man krige 40 oeren wurkstraf foar de wytplantaazje. By de foarige feroardieling krige de Drachtster al in drugs- en alkoholferbod. De rjochter heakke dêroan ta dat de man help krijt by it oplossen fan syn skulden.

(advertinsje)
(advertinsje)