Sportskoalle yn Goutum set apparaten bûten, sadat der dochs sport wurde kin

11 maaie 2020 - 20:26

Sportskoallen moatte yn ferbân mei de coronamaatregels oant 1 septimber de doarren sletten hâlde. In Goutumer sportskoalle hat lykwols dochs in manier fûn om no al iepen te kinnen. Troch in oantal apparaten bûten te setten en mei in reservearringssysteem kin der dochs by Bodyshape sport wurde. Eigener Peter Wijnsma: "Het had ook niet langer moeten duren."

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

"We hadden eigenlijk wel verwacht dat we nu alweer open zouden kunnen. 1 september was een grote tegenvaller", leit Wijnsma út. Fan moandei ôf mei der lykwols wol wer bûten sport wurde. Dêrom betocht de sportskoalle in kreative oplossing: de sportskoalle nei bûten ferpleatse.

It terrein achter de sportskoalle is kompleet ôfsetten mei linten. Besikers kinne mar ien kant op rinne, sadat se elkoar net tsjin it liif rinne. Dêrneist moatte se reservearje om in plakje te bemachtigjen. Alle oeren kinne der njoggen minsken terjochte.

Wijnsma: "In de zomermaanden kun je hier sowieso buiten fitnessen. We kunnen lang niet alles doen dat we binnen kunnen, maar we zijn wel heel blij dat we dat al hadden. Er zijn weinig sportscholen in de omgeving die die mogelijkheid hebben."

Finansjeel bliuwt it wol lestich, mar de sportskoalle hat gelok mei in soad leden dy't wol kontribúsje trochbetelje. "Daar ben ik heel blij mee, maar het voelt niet goed natuurlijk. Je biedt ze ook niks. Op deze manier kunnen we in ieder geval weer iets bieden!"

Ferslachjouwer Jeroen Boersma by de sportskoalle

(advertinsje)
(advertinsje)