Poiesz biedt ekskuzen oan foar fleisaksje foar goeie doel

12 maaie 2020 - 08:22

In opmerklik berjocht op de webside fan de Fûgelbeskerming: se distansjearje harren fan in aksje fan supermerkketen Poiesz. De supermerk hat in aksje wêrby't jild fan fleisferkeap nei de fûgelorganisaasje giet. Dizze seit lykwols neat fan de aksje ôf te witten en stiet der ek net achter. Poiesz biedt ekskuzen oan, en wol de aksje yn it ferfolch better ôfstimme mei de organisaasje.

In flagge fan Poiesz Supermarkten - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

"Gisteravond kreeg ik het doorgestuurd van iemand, die zei: goh, weten jullie hiervan en wat wat vinden jullie hiervan?", leit Kees de Pater fan de Fûgelbeskerming út. De organisaasje wist neat fan de advertinsje, mar harren logo wurdt der wol yn brûkt en der stiet yn dat der jild nei harren ta giet. "Maar dat klopt dus niet. Als ons logo wordt gebruikt, wil je daar natuurlijk van op de hoogte zijn."

Ekstra pynlik fynt de Fûgelbeskerming it dat yn de advertinsje stunt wurdt mei fleisprodukten dêr't de organisaasje syn namme net oan ferbine wol. De Pater: "Als het nou een product was dat ten goede komt aan de weidevogels, dan is het een ander verhaal. In dit geval is er geen directe link."

Weide Weelde

De donaasjes ôfkomstich út de advertinsje gean nei in fûns fan it suvelmerk Weide Weelde, dat him ynset foar de beskerming fan greidefûgels. De Fûgelbeskerming is allinnich belutsen by de beoardieling fan de projekten om greidefûgels te beskermjen dy't út it fûns fan Weide Weelde finansiere wurde. "Het geld komt wel ten goede aan natuurprojecten, maar het is niet direct naar ons toe."

Reaksje Poiesz

Op harren eigen webside hat Poiesz in reaksje skreaun op de argewaasje: "Wij begrijpen dat het door sommige mensen als ongewenst is ervaren dat er vleesproducten worden aangeboden voor een donatie-actie ten behoeve van de natuur in het Noorden. Poiesz biedt hiervoor haar welgemeende excuses aan."

Neffens de supermerk binne de bedoelingen posityf en hat der yntusken kontakt west mei de Vogelbescherming. Dêrnei binne de aksjeprodukten foar de kommende wiken ôfstimd mei de fûgelorganisaasje.

Kees de Pater fan de Fûgelbeskerming

Trefwurden: 
Poiesz fleis Fûgelbeskerming
(Advertinsje)
(Advertinsje)