Retail-biblioteek yn Makkum

12 jul 2012 - 16:04
  • Harkje nei de reportaazje

Makkum hat de earste retail-biblioteek fan Fryslân. Tongersdei wie de offisjele iepening. Yn in retail-biblioteek stean alle boeken sa yn de kasten dat de foarkant fan it boek te sjen is, ynstee fan de rêch. Dêrmei liket de biblioteek mear op in boekewinkel.

Fierder is it sa dat de meiwurkers fan de biblioteek folle mear de taak krije om ynformaasje te jaan oer de boeken. De leden moatte harsels rêde mei it lienen fan de boeken. It docht bliken dat leden fan de bibliotheek sa mear boeken meinimme.

Doel is dat der mear fan sokke retail-biblioteken yn Fryslân komme. Ynkoarten wurdt de twadde al iepene yn Grou.

Trefwurden: 
Makkum retail-biblioteek
(advertinsje)