Doeksen ferheget kapasiteit fan boaten nei 40 prosint

Rederij Doeksen fart fan 1 juny ôf de maksimale tsjinstregeling. Dat betsjut dat der faker in boat tusken de eilannen en de fêste wâl giet, mar krekt as no wol mei minder minsken. Alle coronamaatregels bliuwe fan krêft.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Dat betsjut ûnder oare dat reizgers en personiel in mûlkapke ha moatte en dat se oardel meter ôfstân hâlde moatte. De fearboaten geane ferspraat oer de dei, om tefolle drokte yn de terminals en by it yn- en útgean fan de boaten foar te kommen.
Direkteur Paul Melles seit dat der in grutte kâns bestiet dat de fraach grutter is as it oanbod. Hy docht dêrom in driuwend berop op de ûndernimmers op de eilannen. ''Wij vragen ondernemers om de wisseling van hun accommodaties, en dus de reismomenten van hun gasten, zo goed mogelijk te spreiden over de hele week en flexibel te zijn als het gaat om aankomst- en vertrektijden.'' Neffens Melles kin allinne dan deistich maksimaal fan de beheinde ferfierskapasiteit gebrûk makke wurde.
Oant en mei 1 juny wurdt de basistsjinstregeling oanfolle mei ekstra ôffearten op drokke tiden.