Man knipt yn Goutumer hotel hier freondinne ôf: wurkstraf

11 maaie 2020 - 17:23

In man út Lelystêd hat in wurkstraf fan 70 oeren krigen omdat er op Nijjiersdei yn in hotel yn Goutum syn freondinne mishannele hat. Hy sloech en stompte har en knipte mei in skjirre yn har hier om.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Hy sette har foar de spegel en filme wat er die. Dêrnei treau er it hier yn de tas fan de frou. Se naaide út en waard oerstjoer op strjitte fûn troch foarbygongers.

De fertochte seit dat er bot spyt hat fan wat der bard is. Njonken de wurkstraf moat de man de frou goed tûzen euro smertejild en skeafergoeding betelje.

Trefwurden: 
rjochtbank Goutum
(advertinsje)
(advertinsje)