Cambuur-earefoarsitter Ype Smid: "Die Gudde is een soort autist en totaal ongeschikt"

11 maaie 2020 - 17:07

It binne spannende wiken foar elkenien dy't SC Cambuur in waarm hert tadraacht. Ofrûne freed wie it koart pleit tsjin fuotbalbûn KNVB, tongersdei folget wierskynlik de útspraak. Yn de rjochtbank giet it om de arguminten, mar de emoasjes binne der fansels ek. En hielendal by Ype Smid, earefoarsitter fan SC Cambuur. De man, dy't nea in blêd foar de mûle nimt, skoot oan yn de nije SportCast.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle foargeande SportCasts werom te harkjen.

"Totaal ongeschikt"

Yn de SportCast nimt Smid ek gjin blêd foar de mûle. Sa is hy gjin fan fan Eric Gudde en Jean-Paul Decossaux, de beide direksjeleden fan de KNVB dy't it beslút naam hawwe om Cambuur net promovearje te litten. "Die Decossaux heb ik een paar keer gezien op televisie met die Hans van Breukelen, ik weet niet wat die gast daar uitvoert allemaal. En die Gudde is totaal ongeschikt voor dienst. Een soort autist, die niet te bereiken was. Zelfs na die tijd niet. Als je zo'n besluit neemt, moet je er ook voor staan. Het is één grote farce, deze man", sa seit Smid.

Neffens him hie de KNVB-direksje foar it beslút oangeande promoasje en degradaasje kontakt sykje moatten mei de fjouwer klups dy't it oangiet. Neist Cambuur binne dat De Graafschap, RKC Waalwijk en ADO Den Haag. "Als directeur van de KNVB betaald voetbal verdient dit aan alle kanten de schoonheidsprijs niet. Ik snap ook wel dat je het nooit goed had kunnen doen, maar in de aanloop er naartoe waren er formeel en informeel momenten om meer draagvlak te creëren."

Earefoarsitter

Smid wie fan 2010 oant en mei 2018 foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan Cambuur. By syn ôftreden is er beneamd ta earefoarsitter. Dat hâldt yn dat er op de hichte steld wurdt troch de direksje oer guon saken, sa as bygelyks de ûntwikkeling fan it stadion.

"Ik zeg ook wel wat ik ervan vind. Maar uiteindelijk ligt het toch wel bij de huidige leiding. Ik probeer daar wel in alle redelijkheid mee om te gaan; ik wil niet over mijn graf heen regeren. Maar, je hebt er wel belang bij dat de club niet terug komt in de situatie hoe 'ie was." Soe er net werom wolle? "Nee, ik mis het voorzitterschap niet. Het heeft acht jaar heel wat gevergd."

Wat dat oanbelanget kinne je in parallel lûke mei SC Hearrenfean. Riemer van der Velde wie dêr, wol fiiftjin jier langer, foarsitter en is dêrnei ek earefoarsitter wurden. Van der Velde sit ek net ferlegen om in miening. Smid: "Ik heb altijd een heel groot respect voor Riemer van der Velde. Ik ben bijna acht jaar voorzitter geweest, hij heeft het 23 jaar gedaan. Hij heeft het stadion gerealiseerd, hij heeft van Heerenveen wel de club van Friesland gemaakt. Hij heeft Cambuur wel tig jaar overruled."

Foto: Omrop Fryslân

SportCast

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast alle moandeis by oer al it sportnijs, mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Geert van Tuinen.

(advertinsje)
(advertinsje)