Noch seis azc-bewenners posityf test op coronafirus; yn totaal 28 besmettings

11 maaie 2020 - 16:39

Der binne noch seis minsken posityf test op it coronafirus yn it asylsikerssintrum fan Snits. Dat makke GGD Fryslân moandeitemiddei, tegearre mei it azc en de boargemaster fan Súdwest-Fryslân, bekend op de parsekonferinsje oer de corona-útbraak yn it azc. Earder waard bekend dat 22 minsken dêr besmet binne mei it firus. It sintrum waard op slot set en fan it wykein waard in grut part fan de bewenners test.

Moandei 4 maaie waard by in manlike bewenner fan it azc in besmetting mei it coronafirus fêststeld. Freed rûn dat oantal op ta 22 nei't hûndert persoanen test wiene. It sintrum waard freed fuortdaalks sletten.

Yn it sintrum wenje likernôch 450 minsken, in groep fan 98 asylsikers wie earder al út it sintrum fuortgien. Alle bewenners dy't der de ôfrûne tiid ferbleaune, binne test, ek as se gjin klachten hiene. "Een aantal bewoners is niet getest, omdat zij niet op de locatie aanwezig waren. Zij verblijven elders, ruim vóór een eerste azc-bewoner met het coronavirus besmet bleek te zijn. Sinds 16 maart is de wekelijkse meldplicht in het azc opgeschort en zijn de scholen gesloten; verschillende bewoners zijn hierdoor naar familie of vrienden buiten het azc gegaan", seit lokaasjemanager Benny Schonewille.

Ek 40 meiwurkers fan it azc binne test. Ien personielslid waard posityf test. Dizze persoan wie freed al bekend en sit no thús.

Isolaasje moandei om 18.00 oere foarby

Yn totaal binne der no dus 28 azc-bewenners posityf test op it coronafirus. Dizze minsken binne mei harren famylje en húsgenoaten yn karanêne pleatst op oare lokaasjes, meldt lokaasjemanager Benny Schonewille. "Op de locatie(s) waar zij heen gaan, zullen zij verder in isolatie blijven tot duidelijk is dat er geen verdere besmetting kan plaatsvinden. Voor de overige bewoners van het azc wordt om 18.00 uur de isolatie opgeheven."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Schonewille: "Voor de azc-bewoners is het een spannend weekend geweest. Op enkele incidenten na was de sfeer desondanks erg goed, mensen begrepen het belang van de isolatie. Daar ben ik erg trots op. Ook op alle medewerkers; er is een prestatie van niveau neergezet. Nu is men erg opgelucht dat helder is wat er aan de hand is." De minsken dy't nei in oare lokaasje gean, keare nei de isolaasjeperioade werom nei it azc yn Snits.

Spesifike omstannichheden

"In dit specifieke geval hebben we een hele groep getest, ook zonder klachten. Dat heeft te maken met het specifieke geval van een azc, waar er sprake is van een taalbarrière en andere omstandigheden", leit Margreet de Graaf fan GGD Fryslân út. "Het is lastig om in een asielzoekerscentrum afstand te houden, vooral als je bepaalde voorzieningen deelt. De enige manier om in beeld te krijgen hoe het virus zich heeft verspreid, was zo'n grootschalige test. Hoe ingrijpend dat ook is voor zo'n gemeenschap."

"We zien aan het lage vindpercentage dat de verspreiding meevalt. Het heeft gelukkig anders uitgepakt dan gevreesd en dat is geruststellend voor de omgeving."

Boargemaster is ferromme

Boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân is ferromme dat de útbraak tafalt: "Freed hie ik de ferwachting dat der mear besmettings wêze soene. Ik fûn it in ferstannige maatregel fan de GGD, de Feilichheidsregio en it COA om troch te pakken mei in previntive karantêne."

Minsken yn de omjouwing fan it azc reagearren fan it wykein neffens de boargemaster begrypfol. "Dêr ha ik wurdearring foar, want it wie in swiere maatregel. Ik ha ek heard dat der minsken binne dy't har soargen makken. Dat begryp ik en ik wol sizze dat de situaasje yn ús regio ûnder kontrôle is. As minsken net besmet binne, binne sy like frij as elkenien yn Nederlân, binnen de beheinings dy't elkenien hat."

(advertinsje)
(advertinsje)