Ek skoalle neist asylsikerssintrum Snits gewoan wer iepen

11 maaie 2020 - 16:20

De skoalle neist it asylsikerssintrum yn Snits, de Master Sneek, is moandeitemoarn gewoan iepengien, nettsjinsteande de útbraak fan it coronafirus yn it azc. Wol binne guon bern troch harren âlders thúshâlden fanwegen mooglik besmettingsgefaar. Neffens direkteur Mirjam Holwerda falt it lykwols wol ta mei dat gefaar.

"Wij hebben natuurlijk vrijdag wel meteen contact opgenomen met de GGD en met het azc om de risico's goed in te kunnen schatten, maar extra maatregelen waren absoluut niet nodig. Wij hadden ons al goed voorbereid op de opening en de uitbraak veranderd eigenlijk niets."

Lykas op oare skoallen giet mar de helte fan de bern nei skoalle. De klassen binne troch twaen dield en se gean om de dei nei de Master ta. Sa bliuwt it tal bern dat echt op skoalle is beheind en dêrtroch is der minder risiko op besmetting. Ek binne der tal fan maatregels naam om de ferskate klassen fan elkoar skieden te hâlden.

Sa binne der ferskate rinrûtes oanjûn mei tape en pylken op it skoalplein. Ek binne der rûnom yn de skoalle ferskate sjippepunten oanbrocht dêr't de bern en de masters en juffen harren hannen waskje kinne.

Foto: Omrop Fryslân

De bern wiene der wiis mei dat se wer los koene. Thomas (11): "Ik vond dat thuiswerken maar niks. Ik kon me niet goed concentreren." Hy hopet dan ek dat it op skoalle in stik rêstiger is. Neffens Juf Olga Schuil sil dat fêst wol klear komme no't mar de helte fan de skoalle tagelyk oanwêzich is.

"Dat betekent natuurlijk wel dat ze ook niet al hun vriendjes en vriendinnetjes weer kunnen zien op school. Daarom beginnen we vandaag ook met een bijzondere opdracht. De kinderen van vandaag schrijven een brief aan de kinderen van morgen en aan het eind maken we ook nog een film zodat ze elkaar toch kunnen zien."

Foto: Omrop Fryslân

Net alle bern dy't eins op moandei op skoalle wêze moasten binne der ek echt. Sa binne der dochs heiten en memmen dy't harren bern thúshâlden ha fanwegen de útbraak by it azc. "Het gaat dan vooral om gezinnen waar thuis iemand in de risicogroep valt, dus daar heb ik begrip voor", seit direkteur Holwerda.

"Mensen moeten daar zelf een inschatting in maken in deze tijd, maar het is wel zo dat het ontzettend goed is voor de kinderen om toch zo gauw mogelijk weer naar school. Het is heerlijk om hier weer te zijn en te zien hoeveel plezier de kinderen meteen weer hebben."

(advertinsje)
(advertinsje)