Rydynstrukteur mei ek wer lesjaan: "Ik les no ien op ien"

11 maaie 2020 - 15:58

Nei de basisskoallen, de kappers en skjintmesalons mochten dizze moandei ek de autorydskoallen wer begjinne. Rydynstrukteur Coos Posseth fan Frjentjer is der mar wat bliid mei.

Foto: ANP

"It is hearlik wer", fertelt Coos Posseth. "Krekt as silst op skoalreiske, dan kinst de nacht dêrfoar ek net sliepe. Ik ha wol in pear kear wekker west, gezonde spanning sille we mar sizze."

Hy moast al even opstarte nei't de saak acht wiken stilstien hat. "Learlingen tinke dat se de helte fergetten binne, mar se stappe yn en ride sa fuort."

Hy hie gjin muoite mei it beslút fan it regear om de stekker derút te lûken. "Dat joech my wol in goed gefoel, ik bin rêstich bleaun en koe my der wol yn fine. Ik ha my net ferfeeld. Mei oare skoallen hie ik wol in soad kontakt en oerlis."

Oardelmeter ôfstân yn in lesauto kin net, hoe lost er dat op? "We meitsje de auto nei elke les skjin, der is hângel en der binne doekjes yn de wein. En ik les no ien op ien, tusken elke les sit in skoft om skjin te meitsjen en de folgjende learling op te heljen. Dat jout ek wat rêst."

Hy hat in soad oanmeldingen fan nije learlingen. "It oplieden fan ynstrukteurs doch ik sels, mar staazjerinners meie noch net mei, want we kinne net mei syn trijen yn de auto." Ek de teoryles sil yn oanpaste foarm moatte.

(advertinsje)
(advertinsje)