Talma Hûs yn Feanwâlden as earste Fryske ferpleechhûs wer iepen foar besite

11 maaie 2020 - 15:39

Talma Hûs yn Feanwâlden iepenet fan woansdei 13 maaie ôf foarsichtich wer de doarren foar besite. It ferpleechhûs fan KwadrantGroep is dêrmei ien fan de earste 25 ferpleechhûzen dy't meidogge oan de lanlike proef om foarsichtich wer mear besikers ta te litten. De 137 bewenners meie fan woansdei ôf elk ien fêste persoan op besite krije.

Foto: Elkander

De proef wurdt dien yn it Talma Hûs omdat dy lokaasje goede fasiliteiten hat om besite wer feilich mooglik te meitsjen, foar bewenners, besikers én it personiel. Der is yn it ferpleechhûs ek gjinien besmet mei it firus. "Dat wiene kritearia dêr'tst oan foldwaan moast", fertelt Thea Dijkstra fan Elkander, dat ûnderdiel is fan KwadrantGroep.

Strange betingsten

De besiten binne wol ûnder strange betingsten. Alle earste kontaktpersoanen fan de 137 bewenners wurde hjir moandei oer ynformearre. De famylje fan de bewenners wurdt frege ien fêste besiker oan te wizen. Dy kin him online ynskriuwe foar in besite. Der komme sân dagen yn de wike besitemominten tusken 10.00-12.00 oere, 14.00-17.00 oere en 19.00 en 21.00 oere.

De besite is yn in spesjaal dêrfoar ynrjochte romte en duorret maskimaal 45 minuten. De besikers desynfektearje de hannen as sy nei binnen ta gean en as se it Talma Hûs wer ferlitte. Binnen wurde rinrûtes makke om kontakt mei oaren safolle mooglik te mijen. Nei elke besite wurdt de besikersromte skjinmakke. Besikers meie fanselssprekkend gjin klachten hawwe as hoastje, kielpine, noasferkâldens en koarts.

Seis wiken gjin besite

KwadrantGroep seit bliid te wêzen foar de bewenners en harren famylje dat sy elkoar we yn it echt sjen kinne. Goed seis wiken mochten de bewenners gjin besite ûntfange en dat wie foar harren en har famylje swier. Dijkstra: "We fine it spannend, mar binne ek hiel bliid dat we einliks wer in bytsje iepen meie."

As de foarsichtige besiteregeling goed wurket, is it de bedoeling dat mei yngong fan 25 maaie mear ferpleechhûzen beheind besite talitte. It kabinet nimt hjiroer noch in definityf beslút. Yn alle oare ferpleechhûzen fan KwadrantGroep en yn Fryslân bliuwt it besiteferbod foarearst fan krêft. Kontakt fia byldbeljen en 'babbelboxen' is by in soad wensoarchsintra wol mooglik.

Thea Dijkstra fan Talma Hûs

(advertinsje)
(advertinsje)