Wethâlder Robert Bakker stapt út kolleezje Smellingerlân; boargemaster teloarsteld

11 maaie 2020 - 18:00

Wethâlder Robert Bakker makke moandeitemoarn bekend dat er fuortdaliks opstapt út it kolleezje fan Smellingerlân. Hy siet foar de lokale ELP yn it kolleezje, mar no docht bliken dat er dy partij al yn maart achter him litten hat. It is de fjirde wethâlder yn twa jier tiid dy't it kolleezje fan Smellingerlân ferlit.

Gemeentehûs Smellingerlân - Foto: Omrop Fryslân

By dy partij, en dan fraksjefoarsitter Yntze de Vries, leit foar Bakker it grutste stroffelblok. Bakker sprekt fan in 'grut wantrouwen' tusken de ELP-riedsfraksje en de wethâlders. Bakker sels wol gjin taljochting jaan op syn opstappen.

Yn Smellingerlân is al moannen sprake fan in bestjoerskrisis. Fanwegen dat probleem wurdt wurke oan in sakekolleezje, mei wethâlders fan bûten de gemeenteried.

Grutte teloarstelling

"Het was een grote teleurstelling" seit boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân yn in reaksje. "We hadden dit niet verwacht, dus het was wel even slikken."

It byld fan wantrouwen sjocht Rijpstra sels net sa. "Dat is hoe Bakker het ervaart. De afgelopen maanden zijn pittig geweest. Er zijn wat woorden geweest in de raad en hij ervaart dat als wantrouwen. Ik ken Bakker als een integer persoon, zo zit hij erin."

It is dreech yn dizze coronatiid om it wurk mei trije wethâlders en in boargemaster te dwaan. "We zetten de schouders eronder. Morgen overleggen we wie wat op zich gaat nemen en hoe we tot een goede werkverdeling kunnen komen. Een andere mogelijkheid is of we kunnen kijken of we het zakencollege kunnen versnellen. Een tijdelijke wethouder is ook mogelijk, als we op korte termijn geen oplossing kunnen vinden."

Neffens him is der gjin sprake fan gaos en is de provinsje goed op de hichte fan it kolleezje. "We hopen binnen nu en twee maanden een zakencollege rond te hebben." Troch de coronakrisis is dêr achterstân yn oprûn omdat it kolleezje net fysyk byinoar komt.

Boargemaster Jan Rijpstra

(advertinsje)
(advertinsje)