Grut pleksyglêzen hert beskermet besikers breidswinkel tsjin corona

11 maaie 2020 - 14:40

De oardelmeter ôfstân jout foar guon bedriuwen in soad problemen, mar oaren geane der hiel kreatyf mei om. Sa ek breidswinkel Bruid en Bubbels yn Ljouwert. Net dat yn dizze coronatiid in soad troud wurdt, mar breidsjurken moatte wol past wurde. Yn de saak ha se in 'coronahert' fan pleksyglês om dêrby te helpen.

Foto: Bruid en Bubbels

"In freondinne fan my hat in dochter en dy studearret 'Productdesign'. Sy hat in hert betocht, dat wy tusken ús klanten sette kinne om bygelyks de jurk ôf te spjeldzjen", fertelt eigeneresse Fransien Tolsma. Se hat der gjin patint op oanfrege: elkenien mei it brûke. "Foar linzjerywinkels is it ek hiel geskikt."

Yn de praktyk wurket it perfekt, fernimt Fransien. "Klanten reagearje ek hiel posityf. De mûle is sa goed beskerme troch dat hert. Ek ha wy mofkes oan as wy klanten helpe."

Op dit stuit wurdt lykwols net in soad troud. "Mei de hannel is it net goed, omdat jo net mei in groep in troujurk útsykje kinne. Mar wy ha noch wol in soad klanten dy't dochs trouwe en in jurk nedich ha. Dus sa bliuwt de boel dochs draaien. Wy ha de earste ôfspraken foar de hjerst al wer stean. Wy moatte hjir efkes trochhinne."

Der is al de nedige belangstelling foar it hert, ek út it bûtenlân wei. De leveransier hat foto's makke en de produsint sit yn Europa en Amerika. Sa wurdt dit dus yn ynternasjonale útfining.

Eigeneresse Fransien Tolsma

(advertinsje)
(advertinsje)