'Schoelepad' yn gebrûk naam

12 jul 2012 - 15:54

Tusken Sânhuzen en Easterstreek is tongersdei it nije 'schoelepad' yn gebrûk nommen. Oant 1918 wie dat de rûte dêr't de bern lânsrûnen as se nei skoalle gongen. Yn de jierren '60 is it by de ruilferkaveling ferlern gien. It nije 'schoelepad' is oanlein troch de lânynrjochtingskommisje Beekdal-Linde, yn opdracht fan de provinsje.

Tagelyk mei de iepening is tongersdei ek in ynformaasjeboerd ûntbleate. It paad leit yn it natuergebiet Zandhuizerveld, dat bestiet út stikjes bosk en heide.

De pleatslike belangen fan Sânhuzen en Easterstreek hawwe jierrenlang om it paad frege.

Trefwurden: 
Schoelepad
(advertinsje)