Bemanning op see kin net fan board troch coronafirus

11 maaie 2020 - 13:09

In soad bemanningsleden yn de skipfeart kinne troch de coronakrisis net nei hûs. De bemanning mei net fan board of kin net nei hûs ta komme om't der gjin fleantugen fleane. Ek de man fan Kitty Switijnk siet folle langer op see as de bedoeling wie. "Dit is een wereldwijd probleem waar nog altijd geen oplossing voor gevonden is."

Foto: Cito Shipping

Yntusken is de man fan Kitty wer thús. "Hij is afgelopen vrijdag thuisgekomen. Ze moesten laden in Rusland, om vervolgens naar Ierland te gaan. Ze zijn onderweg afgestoken, waarna mijn man van boord kon." Dat jildt lykwols net foar in soad oare bemanningsleden dy't ûnderweis binne en net fan board kinne. "Wereldwijd is het een groot probleem. We hebben vrienden en collega's die nog steeds niet naar huis kunnen. Het vliegverkeer is nog steeds hartstikke moeilijk. Je ziet dat mensen anderhalve maand langer aan boord zitten."

De sektor is drok dwaande om mei in oplossing foar dit probleem te kommen."Er wordt bijvoorbeeld gedacht aan speciale vliegtuigen om bemanningsleden naar huis te brengen. Maar het probleem is dat bemanningsleden overal vandaan komen en ieder land z'n eigen regels hanteert. Dat maakt het heel moeilijk om de bemanning te kunnen wisselen."

Foarearst hat Kitty har man noch efkes thús. "De bedoeling is dat hij zeven weken thuis is. Hopelijk is er dan een oplossing gevonden."

Kitty Switijnk oer har man op see

(advertinsje)
(advertinsje)