Skjintmespesjalist wiis dat se wer iepen mei: "We zijn coronaproof"

11 maaie 2020 - 13:08

It is 11 maaie en dat is de dei dy't foar in soad bedriuwen al in pear dagen mei grutte letters yn de aginda stiet: se meie wer iepen, wol mei allerhande beheinings, mar se kinne wer los. By Huidinstituut Marijke yn Hurdegaryp binne se der wiis mei, en de klanten ek.

Skjintmespesjalist Marijke hat har earste klant al yn de stoel, it is har eigen mem. "Het is echt onwennig, maar ontzettend leuk, ik heb er heel veel zin in. We moesten acht weken dicht en dat we nu weer open zijn, is geweldig." Ek mem is der wiis mei. "Ik fyn it hearlik nei safolle wiken. En ik bin ek sa bliid foar har dat se wer iepen mei."

Doe't de eigeneresse hearde dat se slute moast, wie dat wol dreech. "Dat was een flinke teleurstelling. Ik brak en liet wel een traantje. Maar ik ben positief ingesteld. De volgende dag heb ik allerlei acties bedacht om aan de klanten te laten zien hoe je de huid kunt verzorgen. De klanten vonden dat geweldig."

De salon hat allerhanne maatregels nommen. "We dragen een spatmasker met daaronder een mondkapje en handschoenen. We volgen uiteraard het hygiëneprotocol, dus klanten met klachten mogen niet komen, en als ze komen moeten ze hun handen wassen."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Ek hat se de saak frijwat leechhelle. "Het is hier vrij kaal, er staan geen producten meer en de planten zijn weg. En ook de handdoeken zijn weg. Normaal hebben we een hoes om de stoel, maar nu zitten klanten op het leer, maar als ze het koud krijgen zetten we de stoelverwarming aan. En verder gebruiken we wegwerphanddoeken en andere handdoeken wassen we op 90 graden."

Se fynt it net spannend om wer kontakt te hawwen mei klanten. "We zijn coronaproof en ik heb er alle vertrouwen in dat het goedkomt."

Ek de pedikuere hat beskermjende klean oan.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Ferslachjouwer Johanna Brinkman wie yn de salon

(advertinsje)
(advertinsje)