Swimbad De Welle iepen: in priveebaan foar in healoerke

Swimbad De Welle yn Drachten mei sûnt dizze moandei wer iepen en dat docht - oan de drokte te sjen - de mienskip goed. Alle healoeren kinne minsken gebrûk meitsje fan har eigen priveebaan yn it swimbad.
Swimbad De Welle iepen: in priveebaan foar in healoerke
"We sitte al foar sa'n njoggentich prosint fol", fertelt direkteur Evert Jan Sidderius. "We kinne 100 minsken binne litte yn it systeem dat we no betocht ha. Dat is acht minsken elk healoere, elk yn in eigen baan."
Swimmers moatte yn it foar reservearje. "It giet wol hurd no. Op dizze wize kinne we der sels oan wenne en de klanten ek. As de situaasje it talit kinne we yn ferrin fan de tiid mooglik mear minsken talitte, no is it dosearre."
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
De swimmers krije in eigen klaairomte. "By binnenkomst krije se in bak foar de klean en dy nimme se mei nei de baan. Nei ôfrin geane se oan de oare kant fan it bad derút en sa komme de minsken elkoar net tsjin. En fierder binne we fansels de hiele tiid oan it himmeljen."
It bad hat ek de minsken fan it topsportprogramma al hân en dizze wike komme de ferieningen lykas de wetterpoloklup derby. "Nije wike moandei begjint it lesswimmen foar berrn tusken de 4 en 7 jier en de wike dêrnei sjogge we oft de akwasporten wer begjinne kinne."
De direkteur is in tefreden man. "Ik ha allinne noch mar blide gesichten sjoen. Ik ha it gefoel dat we it feilich oanbiede kinne."
Evert Jan Sidderius