Ferhalen fan Tresoar op dicht en film

11 maaie 2020 - 12:35

It online film- en wurdkeunstprojekt Schatzoekers moat de ferhalen fan histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar mear by jongeren ûnder de oandacht bringe. Troch mei jonge filmmakkers en wurdkeunstners gear te wurkjen, tinkt Tresoar nij publyk te finen.

Dizze wike hawwe de wurdkeunstners Dichter Bij Leeuwarden tegearre mei it Frysk film- en mediaplatfoarm New Noardic Wave de earste animaasjefideo online setten, It giet oer Joadske ûnderdûkersbern yn de Twadde Wrâldoarloch. Dêroer is op it stuit in útstalling yn Tresoar, mar fanwegen de coronamaatregels komme der gjin besikers.

Folle mear online

Neffens inisjatyfnimmer fan Schatzoekers, Annemarie Lindeboom, kinne noch folle mear tentoanstellingen en ferhalen fan Tresoar yn keunstfoarm online. Se fynt it skande dat dy net mear oandacht krije.

"Ik wist eins hielendal net dat hjir sokke moaie ferhalen en útstallingen wiene. Wat skande dat net mear minsken dat witte. Foaral fan myn leeftiid. Wylst it belangryk is om te witten en it jout betsjutting oan dyn Fryske roots. Dus doe tocht ik: dit moatte we faker dwaan."

Frysk histoaryske ferhalen lizze der genôch by Tresoar, mar dat it sintrum mear te bieden hat as in argyf of in plak foar stúdzje, is net sa bekend by jongeren, jout Meindert Reitsma fan Tresoar ta.

"We hawwe de ôfrûne jierren bot ynvestearre, sadat hjir mear jongeren komme. We ha in soad nije wurkplakken foar learlingen en studinten. Mar we sjogge ek wol dat sokke doelgroepen der foarby rinne. Dy witte net dat der mear te finen is foar harren."

De animaasjefideo 'Wy kinne der noch wol ien by ha' is te sjen op de social media.

(advertinsje)
(advertinsje)