Fiifhûndert hantekens foar feroarjen namme Boargemaster Krijgerplein op De Lemmer

11 maaie 2020 - 12:26

De namme fan it Boargemaster Krijgerplein op De Lemmer moat feroare wurde. Dat is de oprop yn in petysje, dy't yntusken hast 500 kear tekene is. Boargemaster Krijger wurke yn de Twadde Wrâldoarloch mei de Dútske besetter mei. Sa die de boargemaster neat om foar te kommen dat seis Joadske minsken ôffierd waarden. No't it plein rekonstruearre wurdt, is it neffens de inisjatyfnimmers dé kâns om de namme te wizigjen.

Foto: Google Maps

It plein krige syn namme yn 1958. Doe wie it oardiel dat boargemaster Krijger net 'fout' west wie yn de oarloch, mar wol 'foute' dingen dien hat. Hy hat doe in foarriedige straf fan in healjier krigen. In dokumentêre fan Omrop Fryslân brocht dizze saak wer oan it rôljen.

"Ut de stikken dy't wy tastjoerd krigen ha fan minsken dy't dizze útstjoering sjoen ha, docht bliken dat hy listen ûndertekene hat om minsken ekstra yn de gaten te hâlden", fertelt Hendrik Bootsma fan De Lemmer. "Der binne al jierren minsken dwaande om de namme fan it plein te feroarjen, wat mar net slagget. Wy fine dat no it momint is om hjir wat oan te dwaan. Wy binne fan plan om troch te setten."

Ek Frits Barend set him yn om de namme fan it plein te feroarjen. Ek is der kontakt west mei de gemeente De Fryske Marren. Bootsma: "De petysje rint noch. Wy ha ek posters makke dy't minsken foar harren raam hingje kinne. Wy dogge der alles oan om dizze namme fuort te krijen. Wy hoopje dat wy aanst wat fan de gemeente hearre." Neffens Bootsma soe de namme feroare wurde moatte yn de Oude Markt.

De bal leit no by it kolleezje fan de gemeente De Fryske Marren.

Henk Bootsma oer de nije namme fan it Boargemaster Krijgerplein

"Dit spilet al langer", seit ferantwurdlik wethâlder is Roel de Jong. Hy kin him wol yntinke dat der in aksje op tou set is. "We sille sjen nei it sinjaal dat libbet yn de miensskip. We sille goed sjen nei wat der bard is en oft dat in reden is om de namme te feroarjen. It leit gefoelich, we moatte alles op in rychje sette, wat de feiten binne. It moat wol sa gau mooglik dúdlik wêze, want dit moat net te lang trochsangerje, mar it moat ek soarchfâldich."

(advertinsje)
(advertinsje)