Autobestjoerder ferstoarn nei ûngelok by Rinsumageast

11 maaie 2020 - 11:41

In 66-jierrige man út de gemeente Noardeast-Fryslan is moandeitemoarn ferstoarn nei't er mei de auto te wetter rekke oan de Heechfinne krekt bûten Rinsumageast. De man is troch helpferlieners út de auto helle, mar ferstoar oan syn ferwûnings.

Foto: CAMJO Media

De helptsjinsten, werûnder in traumahelikopter, brânwachtdûkers en twa ambulânses kamen nei it plak fan it ûngelok. De auto rekke troch noch ûnbekende oarsaak te wetter. De plysje docht ûndersyk.

Trefwurden: 
auto stoarn Rinsumageast
(advertinsje)
(advertinsje)