Dichter en keunstskilder Bartle Laverman (72) ferstoarn

11 maaie 2020 - 11:01

Dichter en keunstskilder Bartle Laverman is op 8 maaie ferstoarn. As dichter debutearre er mei it fers Forsiking fan it Hillige ik yn literêr tydskrift De Tsjerne yn 1968. Dêrnei publisearre er ûnder mear yn Sonde, De Strikel en Trotwaer. Fan Trotwaer makke er diel út fan de redaksje yn de jierren 1971-1976.

Foto: Tresoar, Haye Bijlstra

Laverman studearre, neidat er de ûnderwizersoplieding folge hie, MU-Nederlânsk en LU-Tekenjen. Dêrnei die er oan de Grinzer universiteit noch teoretyske en 'wijsgerige' pedagogyk, hy studearre ôf yn 1977, cum laude.

Syn earste dichtbondel, It freeslik feest (mei tekeningen fan Anne de Vries), ferskynde yn 1969. It stripferhaal Jodokus, dat yn 1973 as ekstra nûmer fan literêr tydskrift Trotwaer út kaam, skreau er ek yn 'e mande mei De Vries.

Laverman wie in produktyf dichter, nei syn debútbondel yn 1969 ferskynde in fiks tal bondels fan syn hân. Syn lêste bondel wie In echte Fries, dy't yn 2016 útkaam.

Laverman wurke as dosint filosofy op Academie Minerva yn Grins. Hy is 72 jier wurden.

(advertinsje)
(advertinsje)