Trije dieders besykje man te berôvjen by Ljouwerter appartemintekompleks

11 maaie 2020 - 10:59

Trije mannen ha sneintejûn besocht om in man yn in appartemintekompleks oan De Werf yn Ljouwert te berôvjen. It slachtoffer wie dwaande om syn fyts yn it fytsehok te setten. Hy soe mei bitend guod yn syn gesicht spuite wêze.

Foto: CAMJO Media

Neffens de plysje is de man mei in mes bedrige en easken de trije dieders jild. Der ûntstie rûzje en de man rekke ferwûne oan syn gesicht. Hy koe wol in shirt fan ien fan de dieders stikken lûke.

It slachtoffer koe de gesichten fan de dieders net sjen. Doe't er om help rôp, naaiden de trije mannen út. Meiwurkers fan de ambulânse ha it gesicht fan it slachtoffer behannele, wêrnei't de plysje syn ferklearring opnimme koe. It is net bekend wat der krekt bútmakke is.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert oerfal
(advertinsje)
(advertinsje)