Man swierferwûne nei fal fan tredde ferdjipping flatgebou yn Drachten

11 maaie 2020 - 10:27

In man is sneintejûn swierferwûne rekke nei't er fan de tredde ferdjipping fan in flatgebou nei ûnderen foel. Dat barde oan de Oud Ambacht yn Drachten. Hoe't it ûngelok krekt barre koe, wurdt noch ûndersocht.

Foto: De Vries Media

De helptsjinsten kamen manmachtich op it ûngelok ôf. Ek de traumahelikopter waard ynskeakele. De swierferwûne man is yn de ambulanse, ûnder begeleiding fan de trauma-arts, mei spoed oerbrocht nei it sikehûs yn Grins.

Trefwurden: 
plysje Drachten flatgebou
(advertinsje)
(advertinsje)