N380 en N381 wer iepen: Drachten-Easterwâlde is no fjouwerbaansdyk

11 maaie 2020 - 10:21

De provinsjale diken N380 en N381 by Easterwâlde binne wer iepen foar it ferkear. De wurksumheden om de dyk tusken Donkerbroek en Easterwâlde fjouwerbaans te meitsjen binne earder klear as ferwachte.

Deputearre Avine Fokkens en Heijmans-direkteur Johan ter Horst sleaten begjin maaie de dyk ôf - Foto: Omrop Fryslan

Beide diken binne moandeitemoarn betiid wer iepensteld.

Autobestjoerders kinne no oer in fjouwerbaansdyk fan Drachten oant en mei Easterwâlde, yn stee fan oant Donkerbroek.

Trefwurden: 
ferkear dyk N381 N380
(advertinsje)
(advertinsje)