Betize man springt fan Snitser akwadukt it wetter yn

11 maaie 2020 - 10:18

De plysje hat snein in persoan út wetter fan de Houkesleat yn Snits helle. De man stie earder op it akwadukt Houkesleat en drige te springen. Omstanners warskôgen de plysje.

Foto: Plysje

Doe't de man it wetter yn sprong, is hy der troch de plysje wer út helle en mei ûnderkuollingsferskynsels nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
plysje Snits betize man
(advertinsje)
(advertinsje)