Meardere brânstichtingen by de Berglaan yn Drachten

Yn Drachten wienen sneintejûn meardere brânstichtingen. Op de Berglaan waard by in wenning klean dy't oan in waskrek hongen yn 'e brân stutsen. Bewenners hiene it gau yn 'e gaten en koene it fjoer útstampe. It rút fan 'e wenning rûn in soad skea op. De twadde brânstichting wie by in foardoar fan in wenning. Ek dêr rekke it glês yn 'e doar beskeadige.
© De Vries Media
Letter op 'e jûn waard in eintsje fierderop in brânende brommobyl oantroffen. De brânwacht hat it fjoer út makke, nei't bewenners al begûn wiene mei it útmeitsjen fan de brân .Ek waard der yn de nacht fan snein op moandei in konifear yn 'e brân stutsen op de Bergleane. Ein april baarnde oan de Berglaan in 45 kilometerauto út.
De plysje hat in ûndersyk ynsteld nei de brannen. Buertbewenners binne yntusken begûn mei harren eigen buertwacht. Op 5 maaie waard ek al brân sticht by deselde flat. De plysje hat doe in tsjûge-oprop dien.
© De Vries Media